Keunstwurk Jaap Rusticus werom yn it gemeentehûs

In skoftke lyn kaam Janke Zeinstra-Miedema, meiwurker by stichting Bibliotheken Noord Fryslân, by de gemeente mei de meidieling dat der in skilderij fan Jaap Rusticus yn it kantoar fan ‘e biblioteek yn Bûtenpost hong.
It opknappen fan it kantoar wie de oanset foar it neitinken oer in passender bestimming. Neffens Janke soe it keunstwurk eartiids yn it gemeentehûs hongen ha doe’t de biblioteek yn it souterrain fan it Jeltingahûs siet. Mei de ferhuzing fan de biblioteek nei de hjoeddeistige lokaasje is it keunstwurk fan Rusticus mei ferhuze.
Keunstner Jaap Rusticus
Jaap Rusticus (1913-1972) út Bûtenpost wie in keunstner mei in soad talinten. Hy makke bygelyks akwarellen, etsen, tekeningen, oaljeferveskilderijen en hy wie ek byldhouwer. Rusticus makke diel út fan de ekspresjonistyske keunstersgroep Yn ‘e line. Syn keunstnerskarriêre einige abrupt. Hy wie ien fan de fjouwer deadlike slachtoffers fan de wynhoas op It Amelân yn 1972.
Werom nei it gemeentehûs
Janke soe it moai fine as de akwarel fan Rusticus wer yn it gemeentehûs kaam te hingjen. Sa stie yn in artikel yn ‘e Ljouwerter Krante fan 16 augustus 1972, nei oanlieding fan it ferstjerren fan Jaap Rusticus, dat yn it Jeltingahûs ferskillende wurken fan de keunstner hongen. ‘Dêryn sil de keunstner fuortlibje. Wy sille him betinken bliuwe’, sei boargemaster Ottevanger. Nei oerlis hat de stichting Bibliotheken Noord Fryslân besletten it keunstwurk oan ‘e gemeente te skinken.