Jou in bern in boek is los!
It wie 28 oktober feest yn it Tillehûs yn Koatstertille. Wethâlder Aant Jelle Soepboer rikte dêr it earste boek fan de 16e edysje fan ‘Jou in bern in boek’ út oan Jurre en syn klassegenoatsjes fan basisskoalle De Merlettes yn Koatstertille. Dit jier is it boek De Goargels it kado, skreaun troch kabaretier Jochum Meijer.
Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en Bibliotheken Noord Fryslân. Dit jier krije foar it earst ek alle bern fan groep 5 yn de gemeente Achtkarspelen in Frysk boek kado. De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan Bibliotheken Noord Fryslân by alle skoallen yn gemeente Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen del mei de boeken foar bern fan groep 5. Ek is der in lesbrief ûntwikkele mei ekstra ynformaasje en opdrachten.
Oer Jou in bern in boek
It projekt Jou in bern in boek is 16 jier lyn begûn yn gemeente Ferwerderadiel. It is ûnderdiel fan in aktyf Frysk taalbelied om bern oan te moedigjen om Frysk te lêzen en te skriuwen. Nei de weryndieling hat gemeente Noardeast-Fryslân it projekt trochsetten.