Fan 9 o/m 27 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken!

Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen?

Dûnsje met Tomke

Lústerje nei in ferhaaltsje (út it Tomke-boekje 'Lekker eigenwiis') en dêrnei dit  ferhaal dûnsje! By Willy fan ‘Danswil’ kinne de bern wer hearlik hippe, draaie
en krûpe.

Foar pjutten en beukers (2 o/m 4 jier).

 

Sjoch hjir foar de workshops fan Danswil!

Sjonge en dûnsje mei Janneke!

Janneke Brakels nimt har gitaar mei en makket der in gesellich, lekker eigenwiis,
muzikaal feestje fan. En fansels meie de bern meidwaan!

Foar pjutten en beukers (2 o/m 4 jier).

Besjoch hjir wêr'tst dûnsje en sjonge kinst mei Janneke!

Boartsje mei boek en muzyk

Mei Tomke en Romke meitsje de bern in muzikale reis troch in ferhaal. Mei-inoar meitsje wy muzyk, sjonge wy ferskes en dûnsje en bewege wy op muzyk dy’t past by in ferhaaltsje út it Tomke-boekje ‘Lekker eigenwiis’. “Hé, dochsto mei, dochsto mei mei de muzyk?!”

Hjir kinst sjen wêr 't de Boartsje mei boek en muzyk is

Kinderen tot 18 jaar zijn gratis lid van de bibliotheek

Kinderen tot 18 jaar zijn gratis lid van de bibliotheek. Je mag maximaal 10 boeken, tijdschriften en dvd’s tegelijk lenen. Maximaal 10 jeugd e-books per 3 weken en toegang tot de online Bibliotheek-app, twee keer gratis verlengen en wij zijn een boetevrije bibliotheek!

Ja, ik maak mijn kind lid!


Dat kin ik echt wol!

Keimpe wurdt Keimpe krokodil neamd omdat er dat it moaiste fan alles fynt. Op syn jierdei krige hy allegear krokodille dingen. Mar fan syn ‘Heit’ krige hy in onesie fan in dino. Echt hiel flau. As Keimpe nei syn keamer giet nei syn nije boartersguod en boeken ûntdekt er dat der bern sitte wêr’t syn bêd heard te stean. Wat dogge se dêr?

Foar bern yn groep 3-4.  

Sjoch hjir wêr 't de foarstelling is

Lampke, in muzikale fertel-foarstelling

De foarstelling giet oer it earste diel fan it prachtige boek ‘Lampke’ fan Annet Schaap. Oer in grize fjoertoer op in skiereilân, en oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter. In byldzjende fertelling mei prachtige ferskes en sfearfolle muzyk, mei spesjale muzykynstruminten. Nei de foarstelling meie de bern de muzykynstruminten sels útprobearje!

Foar bern yn groep 5 o/m 8. 

Sjoch oft der noch kaartsjes binne foar de foarstelling

Foarlêze

Foarlêzen is in prachtige manier om it Frysk te stimulearjen. Boppedat fersterket tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle ek nochris de bân mei dyn bern.

Boeketips foar pjutten en âldere bern